Harlingen Ongeschut giet foar tredde jier op rige net troch
Harlingen Ongeschut giet foar de tredde kear op rige net troch. De organisaasje, BENG Evenementen, tinkt net dat it mooglik is it festival te organisearjen mei de hjoeddeiske coronamaatregels. By Harlingen Ongeschut farre gewoanwei hûnderten boatsjes troch de grêften wylst op 'e kaai muzykbandsjes spylje.
Harlingen Ongeschut soe dit jier op 19 septimber wêze. Ek de jierlikse simmermarkten yn Harns sille net trochgean.
Yn 2018 en 2019 gie it festival ek al net troch. It wetter stie doe te heech yn de Zuider- en Noorderhaven.