Histoaryske rûte mei spesjale app moat Ferwert en Hegebeintum op 'e kaart sette

11 jul 2020 - 15:44

In nije histoaryske fyts- en kuierrûte fan Ferwert nei Hegebeintum moat in ympuls oan it kultuertoerisme jaan. Freedtejûn is ûnder it motto "Fan ferline nei Takomst" de rûte en de spesjale app presintearre. De rûte giet lâns de acht wichtichste histoaryske plakken yn beide doarpen.

Hilda Buursma en Sjak Papma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De MeAR Fryslân-app, ûntwikkele troch it bedriuw MeAR Media út Ljouwert, sit fol mei ynformaasje oer dizze plakken. Troch middel fan augmented reality kinne je op je smartphone dingen sjen dy't der net echt binne. Te sjen binne dan ûnder oaren de histoaryske figueren dy't by de plakken hearre.

De Doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum hoopje hjirmei ynwenners en toeristen noch mear entûsjast te krijen foar dit gebiet. "Der komme al in hiel soad fytsers en kuierders lâns, mar dy dogge faaks de Alvestêderûte. Dus dy fleane hjir lâns nei Dokkum. Wy wolle graach dat se ek ús omjouwing besjen. Wy ha hjir sa'n soad histoarje en sa'n soad moaie ferhalen te fertellen. It soe hiel moai wêze as se hjir ek in pear oerkes fertoevje", seit Hilda Buursma.

De app is fergees te downloaden yn de ferskate app-stores.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de presintaasje fan de app

(advertinsje)
(advertinsje)