Eksploazje by garaazjebedriuw yn Ljouwert; nije auto's skansearre

By in garaazjebedriuw oan de Hortensiastrjitte yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon om likernôch 02.30 oere in eksploazje west. De knal waard nei alle gedachten feroarsake troch swier fjoerwurk. De doar fan it bedriuw rekke troch de eksploazje ferset.
© Plysje
Nei de hurde knal is in elektryske damesfyts stellen. Dêrneist binne nije auto's skansearre rekke.
In tsjûge hat sjoen dat in man nei de eksploazje hurd fuortfytste rjochting it sintrum fan Ljouwert. It soe gean om in man fan likernôch tweintich jier, mei in swarte hoodie en in donkere lange broek. De man fytste op in swarte fyts.
De plysje freget minsken dy't mear witte oer dit foarfal kontakt op te nimmen.