FIDEO: Optocht âlde trekkers as tank foar corona-ynset

11 jul 2020 - 14:25

Ut Aldeboarn wei rieden sneon 45 trekkers troch de omjouwing. De jierlikse oldtimer-trekkertocht gie by fersoargingshûs Leppehiem yn Akkrum del om bewenners en fersoargers in hert ûnder de riem te stekken yn dizze coronatiid.

Ek al wie der in trekkerferbod, de oldtimers mochten wol ride foar har tredde jierlikse toertocht fan sa'n 70 kilometer. Se woenen de meiwurkers fan Leppehiem betankje foar de soarchferliening.

Dêrneist woenen se de boeren yn dizze tiid yn in posityf deiljocht sette. Protesten of uterings fan demonstraasje wienen der dan ek net by de toertocht.

(advertinsje)
(advertinsje)