Skûtsjes en charterskippen meie wer deitochtjes meitsje mei folle besetting

11 jul 2020 - 13:57

Skûtsjes en sylskippen fan de brune float meie wer mei folle besetting deitochtjes meitsje. It silen op dizze skippen wurdt sjoen as sport en neffens de ferromming fan de oerheid betsjut dat dat der gjin oardel meter ôfstân mear holden hoecht te wurden. Dat hat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat bekend makke.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sawol op it dek as yn it skip hoege de opfarrenden gjin ôfstân te hâlden, mar binnen moatte se it mûlkapke wol ophâlde. In oare regel is dat der gjin hoareka-service oan board wêze mei ûnder it silen. Dat kin pas wer as it skip yn de haven leit.

De ferromming jildt foarearst allinnich foar de sylfeart.

(advertinsje)
(advertinsje)