Oanhâlding nei oerlêst yn sintrum Drachten

11 jul 2020 - 13:24

In groep minsken hat freedtenacht foar oerlêst soarge yn it sintrum fan Drachten. Ien persoan is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Foto: ProNews

De plysje krige ferskate meldingen binnen oer lûdsoerlêst yn it sintrum en gie der mei meardere auto's op ôf. De groep minsken waard fersocht fuort te gean, mar der waard net lústere nei de plysje. Dêrnei besocht de plysje de groep út elkoar te driuwen en dêrby is ien persoan oanhâlden.

Om 01.00 oere hinne wie it wer rêstich yn it sintrum fan Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)