Hylpers net bliid mei plan Súdwest-Fryslân foar ferhier twadde wenten

11 jul 2020 - 11:59

Ynwenners fan Hylpen binne it net iens mei de gemeente Súdwest-Fryslân oer twadde wenten yn de stêd. De gemeente wol it makliker meitsje om in wenning rekreatyf ferhiere te kinnen. Op in gearkomste fan Plaatselijk Belang Hindeloopen hat 85 persint fan de leden freed tsjin it plan stimd.

De havenkade yn Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De huzen yn Hylpen wurde hieltyd faker troch minsken út de Rânestêd kocht en ferhierd as fakânsjewenning. Starters ha sa gjin kâns op in plakje en ferlitte de stêd, sa is de krityk. Neffens foarsitter Durk van Tuinen fan it pleatslik belang binne de Hylpers benaud dat dat min is foar de sosjale gearhing yn de stêd. "Tink derby oan it ferieningslibben. In twadde wenning kin betsjutte dat je dêr allinnich simmers gebrûk fan meitsje en winters net."

Fêste bewenners fan Hylpen fernimme dat it yn de simmerperioade drokker is yn de stêd as yn de winter en binne dêr net bliid mei. "Wy wolle it ferieningslibben ek op gong hâlde", seit Van Tuinen. "Dan ha je ek bewenners nedich yn de perioaden dat it miskien wol wat minder leuk is yn Hylpen."

Foarsitter Durk van Tuinen fan Plaatselijk Belang Hindeloopen

(advertinsje)
(advertinsje)