Omrop TIP: De berchrede fan it flakke lân, part 4

11 jul 2020 - 12:20

It Fryske skaadfraksjelid yn it Europeesk Parlemint Anja Haga (CU) waard troffen troch it coronafirus. Dochs skriuwt ek sy mei oan 'De berchrede fan it flakke lân', in searje fan Fryslân DOK oer de takomst nei de coronakrisis. Filosoof Jabik Veenbaas is de oare skriuwer; hy hellet syn ynspiraasje út de perioade fan De Ferljochting. Bart Kingma ynterviewt de skriuwers, it kamerawurk is fan Jan Bensliman en Theo Ligthart.

Stadichoan krûpt it lân út de lockdown. Jout it 'nije normaal' ek nije kânsen? Yn in ferfolch op 'De berchrede fan it flakke lân' presintearret Fryslân DOK essays oer de takomst. Dizze wike filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga (CU). Neist de TV-dokumintêres bringt Fryslân DOK de berchrede ek as podcast yn 'Ferhalen fan it Flakke Lân' (op de webside van Omrop Fryslân, mar ek te downloaden fia Spotify, Google en iTunes). De essays fan de skriuwers binne publisearre troch kultureel tydskrift De Moanne.

Jabik Veenbaas - Foto: Omrop Fryslân

Jabik Veenbaas

Filosoof Jabik Veenbaas basearret him yn syn essay op de Ferljochting, de kreamkeamer fan de moderne westerske kultuer. In kultuer dy't foarspoed en frijheid brocht, mar ek problemen. Ek de oplossingen fan dy problemen binne wer yn de Ferljochting te finen, mient Veenbaas.

Harkje nei de podcast mei Jabik Veenbaas:

Anja Haga

As skaadfraksjelid yn it Europeesk Parlemint foar de ChristenUnie wurket Anja Haga fan Dokkum mei hert en siel oan in duorsumere maatskippij. Mei de presintaasje fan de 'New Green Deal' yn de Europeeske Kommisje kaam dat ideaal tichterby. Mar doe fersprate it coronafirus him oer it kontinint, en trof ek Anja Haga. Se sit no al trije moannen thús.

Anja Haga - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de podcast mei Anja Haga:

Fryslân DOK: De berchrede fan it flakke lân, part 4 - Jabik Veenbaas en Anja Haga

  • Sneon 11 july om 15.30 oere op NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 12 july om 13.10 oere)
  • Snein 12 july om 17.00 oere by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
Programmamakker Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)