Miljoenen ekstra foar ûndersyk Waadsee, rol Rykswettersteat ropt fragen op

De kâns dat je minsken fan Rykswettersteat op en by it Waad tsjin komme as natuerbehearder, wurdt behoarlik grutter de kommende jierren. De organisaasje is sûnt 2017 de natuerbehearder fan it wiete Waad en makket dêr hieltiten mear wurk fan. Der binne ekstra ekologen oannaam en der komt twa miljoen euro ekstra, dêr't it measte jild fan nei de ûndersyk en monitoaring giet. Dy relatyf nije rol fan Rykswettersteat ropt betiden wol wat fragen op.
Ekstra jild foar ûndersyk en monitoring Waad
It Wierumerwaad © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Sa binne der fansels ek oare natuerbehearders aktyf op en by it Waad. Yn Fryslân binne dat terreinbehearders lykas It Fryske Gea, Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten. It wiete Waad dêr't Rykswettersteat foar ferantwurdlik is, rint fan dyk oant dyk en oant trije meter boppe NAP op plakken dêr't gjin diken foar lizze lykas de kwelders.
De ferantwurdlikheden fan terreinbehearders en Rykswettersteat kruse elkoar dêr wêrby't de ien ferantwurding ôfleit oan de provinsje dêr't sy harren jild fan krije en de oar oan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Fan 't hjerst gean de partijen hjiroer mei elkoar om tafel, sa seit Jan-Theo IJnsen fan Rykswettersteat, dy't oantekenet dat der no ek al gearwurke wurdt. Rykswettersteat sil út namme fan de minister besykje ta ôfspraken te kommen.

Passy foar it gebiet

IJnsen: "We hebben heel veel mogelijkheden en heel veel ruimte om binnen die afspraken te kijken waar onze belangen liggen, maar waar ook de belangen van de andere terreinbeheerders liggen." Hy sjocht ek dúdlik dat der by harren en oare partijen op it Waad al in soad ûnderfining en kennis leit. Mar as elkenien deselde doelen foar eagen hat, smyt dat wol de fraach op wat Rykswettersteat dêr as nijste natuerbehearder oan bydrage kin.
Dêr hat IJnsen wol in antwurd op: "Die doelen verschillen niet. Daar hebben we ook heel lang met elkaar over gesproken en naast die doelen delen we ook de passie voor het gebied. Het verschil zit hem voor ons meer in dat de minister verantwoordelijk is voor het beheer en onderhoud van het gebied. Dat geeft Rijkswaterstaat de mogelijkheid om structureel regulier beheer en onderhoud uit te voeren in het Waddengebied."
As it om it ferbetterjen fan de natuer giet, hawwe trije saken de heechste prioriteit: ferbettering fan de kwelders, de ûnderwetternatuer en de situaasje fan de kustbriedfûgels.
Kwelder foar de Fryske kust © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trochfrege op hoefolle autonomy de oare natuerbehearders dan noch hawwe, seit IJnsen: "Natuurlijk hebben zij inbreng in de invulling van de taken. En er is nog een verschil tussen de delen waar ze zelf de beheerder van zijn en blijven en de delen waar Rijkswaterstaat het beheer oppakt. Het is dus niet zo dat Rijkswaterstaat de beheerder van alle gebieden wordt, zoals de terreinen waar nu de terreinbeheerders op zitten en de gebieden in eigendom of erfpacht hebben."
Nije gebieten yn erfpacht útjaan is der lykwols net by. By it hawwen fan ferantwurdlikheden heart ek in budzjet en plannen. "We hebben ook de mogelijkheid deze budgetten jaarlijks bij te stellen. Dat betekent dat als we denken meer geld nodig te hebben, we dat kunnen krijgen. Dat is niet alleen beheer- en onderhoudsgeld. We hebben ook tientallen miljoenen in de programmatische aanpak grote wateren voor de grote aanlegprojecten voor de waterveiligheid", seit IJnsen.

Ekstra jild

Yn 2022 is der jierliks twa miljoen euro ekstra beskikber, dêr't oardel miljoen fan bedoeld is foar it ferbetterjen fan de monitoaring oftewol kennis oer wat der krekt op en yn it Waad gebeurt. Dêrby rjochtet Rykswettersteat him op kennis oer beskerme leefgebieten ynklusyf de ûnderwetternatuer, de rol fan natuerlike struktueren lykas mokselbanken en seewier (zeegras) en de rol fan net natuerlike struktueren lykas dammen en diken.
Mar der wurdt ek sjoen nei de optelsom fan faktoaren dy't ynfloed hawwe op de Waadnatuer en it effekt fan minsklike aktiviteiten lykas baggerjen, sânsupleesjes, fiskerij en rekreaasje. Ek de klimaatferoaringen krije omtinken. Alle gegevens sille mear dield wurde.
Der wurdt in digitale kaart makke mei help fan satellietgegevens, wêrmei't it Waad mear as no yn byld brocht wurdt. Dat is goedkeaper en je kinne sa by it behear fan it Waad aktuelere gegevens brûke. Al mei al sil der mear ûndersocht wurde dan no al gebeurt.
It wiete Waad © Remco de Vries
It Waad is ea keazen ta it moaiste natuergebiet fan Nederlân en dat betsjut ek dat in soad minsken harren ferbûn fiele mei it gebiet. Dat sjocht Rykswettersteat fansels ek: "Wat ook bij de nieuwe rol hoort, is dat we meer gaan investeren in bezoekerscentra en publieksvoorlichting. Wat we ook fantastisch vinden is, om bijvoorbeeld in beheeroverleggen te kijken 'dit hebben we gemeten in het Wad en herkennen jullie deze beelden'. Dat soort gesprekken willen we meer gaan voeren met andere beheerders, maar ook met andere belanghebbenden en bewoners", seit IJnsen.