Kollum: "Selsmoard"

11 jul 2020 - 09:44

"Op dit stuit pleget alle wiken minimaal ien boer yn Ingelân en Wales selsmoard. Yn it jier 2018 stapten foar safier bekend 89 agrariërs út it libben. Yn de lannen om ús hinne wurde alle gefallen fan suïside ûnderbrocht yn listjes, dy't oanjouwe yn hokker sektor se plakfine. Dan krije jo dus in byld fan wêr't de knipepunten lizze. Spitigernôch bart dat yn Nederlân net, mar jo meie der wol sawat fan útgean dat de sifers prosintueel net hiel oars wêze sille.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Hoe komt immen op it punt dat hy of sy tinkt dat it better is om der net mear te wêzen? Faak giet it om gewoane minsken dêr't je neat of hast neat oan murken ha. De skok foar de achterbliuwers is dan net te beskriuwen.

De kracht fan wurden, as se no sprutsen wurde of ergens yn in blog of artikel yn in krante komme, is folle grutter as jo op it earste gesicht miskien tinke. Omdat der de lêste tiid in hiel soad út de ûnderbúk wei skreaun en praten wurdt, komme de wurden noch hurder oan. Der is in grut ferlet fan geastlike soarch, ek yn de agraryske wrâld. Dy stoere trekkers en al dat bier ferblomme in soad, mar achter de skerms is folle mear oan de hân.

Ik ha dizze wike kontakt socht mei in bedriuw dat spesjalisearre is yn it jaan fan begelieding yn de agraryske sektor. Dêr binne der net folle fan, sterker, Hogenkamp Agrarische Coaching yn Wierden is de iennichste dy't him folslein taleit op it begelieden fan boeren. Yn in tige ferhelderjend telefoanysk petear fertelde Paulien Hogenkamp my in soad oer wat sy tsjinkomme. Net allinnich no, mar ek wat earder en yn de takomst op harren ôf komt. Se ha in team fan acht minsken, fan coaches oant psychologen en besykje sa fluch mooglik in helpfraach te honorearjen. Yn de reguliere soarch duorret soks faak lang, mei yntake en formulieren, mar dêr ha de boeren al tefolle fan.

It bedriuw rjochte him ynearsten foaral op Oerisel. Dêr, yn it easten fan it lân, ha je faak dat meardere generaasjes op itselde boerehiem wenje, mei alle problemen dy't dat jaan kin. Heit fynt dat soan it net goed docht, of oarsom. Skoanheit fynt skoandochter mar neat en sa kin ik wol even trochgean. Trouwens, dit is in situaasje dy't we hjir ek almar faker tsjinkomme, de mantelsoarchwennings by de bern op it hiem. It is goed om dat bliuwend te monitoarjen, want is dat wol in winsklik takomstbyld? Mar dat is in oar ferhaal. Yntiids komme de helpfragen foar it bedriuw fan Hogenkamp al lang net mear allinnich út Oerisel, ek Fryske boeren ha harren paad nei Wierden fûn.

Boeren dy't selsmoard plege, dogge dat net fan de iene op de oare dei. Faak steapelet it iene probleem him boppe-op it oare en nei ferrin fan tiid is de amer fol of de kop te lyts. Paulien Hogenkamp sketste dat it fan wêzenlik belang is om elts sinjaal dat yn de rjochting fan in helpfraach giet, op wearde te skatten. Boeren binne meast net fan dy praters, boppedat sitte se faak yn in (selskeazen) isolemint, omdat it wurk harren op en om de pleats hâldt. In opmerking fan in politikus dy't de heale feesteapel mar opromje wol, dreunt lang nei by in boer dy't dei en nacht drok is mei syn bisten.

Ik hearde dizze wike dat guon kollums ek jierren neidreune kinne. Wat minsken sizze en skriuwe docht wat mei oare minsken. As protesten militante trekjes krije, moat der optreden wurde, dat is helder. Mar oardielje net te fluch. In miening fan in kollumnist, radiomakker, politikus of haadartikelsjoernalist is aardich, mar as je in oere mei in profesjonele helpferliener prate, snappe je miskien better hoe grut oft de problemen binne en hoe't it safier komme kinnen hat.

Mei oare wurden, praat deroer. Dan bliuwe der hooplik minder froulju, manlju en bern achter dy't net foarkomme kinnen ha dat harren partner, heit of mem der in ein oan makke hat."

Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)