Weromrop: Sjoch de offisjele iepening fan Simmer 2000 werom

11 jul 2020 - 09:03

Yn it jier 2000 stie Fryslân de hiele simmer yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de Fryske doarpen waard fan alles organisearre, fan reünys oant iepenloftspullen. Dizze simmer sjogge we alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. We begjinne fansels mei de offisjele iepening op sneon 1 july op it Saailân yn Ljouwert. Mei as spesjale gast Keninginne Beatrix.

Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Mei op dizze sneon in live lokaasje-útstjoering fan it terras fan it kafee yn Boazum, de Boazumer Mjitte, ôf. Dat kafee hat in sintrale rol spile yn de organisaasje fan Simmer 2000. Yn de útstjoering binne de foarsittter fan doe, Henk Kroes, en skriuwer Hylke Speerstra te gast.

Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.

Trefwurden: 
Weromrop Simmer 2000
(advertinsje)
(advertinsje)