Linten, rydplaten, en in protokol moatte earste echte keatswedstriid mooglik meitsje

Moarre-Ljussens is klear foar de earste offisjele keatswedstriid fan it jier. Frijwilligers binne al oardel wike dwaande mei de tariedingen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Ferslachjouwer Willem de Vries stie op it keatsfjild
Yn de legere klassen binne al in pear wedstriden holden, en de haadklasse-manlju ha in wike lyn al in prolooch hân, mar sneon kinne se echt los. Dan begjint it haadklasseseizoen foar de manlju en de froulju.
Der soe samar in protte publyk komme kinne, ferwachtet de organisaasje. "Alle minsken dy't it fjild op wolle, sprekke we persoanlik oan. Dat moat, it stiet yn it protokol dat we mei de feilichheidsregio bepraat ha", seit de foarsitter, Bouwe Stiemsma. Mei linten wolle se de minsken dúdlik meitsje dat se oardel meter ôfstân hâlde moatte.
Foar de snackwein wurde der rydplaten dellein. Want hoe moai oft it waar ek wurdt, de ôfrûne dagen wiene wiet.
In wike lyn wûn it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra de offisjeuze iepening fan it keatsseizoen yn Ljouwert. Yn Moarre-Ljussens binne se opnij favoryt, tinkt de foarsitter. "Se steane al jierrenlang heech oanskreaun."