Aaidoaskes yn de brân by kartonfabryk Frjentsjer

Yn Frjentsjer binne de helptsjinsten útriden nei in brânmelding by in kartonfabryk. In wurknimmer soe alarm slein ha, neidat der in masine yn de brân flein wie.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Neffens ien fan de minsken dy't der by wie, wiene der sa'n 25 wurknimmers oanwêzich doe't de brân útbruts. Dat wie jûns om healwei alven hinne. Doe't de brânwacht oankaam, die bliken dat der in oantal aaidoazen yn de brân stiene. Troch fluch yn te gripen, koe foarkaam wurde dat it slimmer waard.
Ien fan de personielsleden is neisjoen yn in ambulânse, en de brânwacht hat it fjoer útmakke, en it gebou fentilearre.