"Jubileumboek SC Hearrenfean is it moaiste dat ik oait skreaun ha"

10 jul 2020 - 21:43

It boek oer 100 jier sportklup Hearrenfean is it moaiste jubileumboek dat er oait skreaun hat. Dat sei Matty Verkamman by de presintaasje fan it boek. Verkamman skreaun ek it jubileumboek fan SC Cambuur.

Ferslachjouwer Roelof de Vries wie by de presintaasje fan it boek, yn it Abe Lenstra Stadion.

It boek is fiif kilo swier en wurdt dêrom net fia de post ferstjoerd. Minsken dy't it boek besteld ha, kinne it boek by it stadion ophelje.

It boek bestiet út 672 pagina's en stiet fol mei ferhalen oer de skiednis fan SC Hearrenfean. It boek is útbrocht ûnder lieding fan Matty Verkamman. De oare skriuwers binne Hielke Biemond, Henk Mees, Jaap Visser, Johann Mast, Anne Roel van der Meer, Herman Joustra en Lex Muller.

Se mochten allegearre ien útkieze oan wa't se in 'earste' boek jaan woene. Se keazen klupikoanen: Riemer van der Velde, Foppe de Haan, Janneke Lenstra, Eddy Bosman, Gertjan Verbeek, Bart Hainja, Maarten de Jong, Johnny Jansen en Gerald Sibon.

Sjoch hjir nei de reaksjes fan 'Mister Hearrenfean' Maarten de Jong, en ien fan de skriuwers, Hielke Biemond, dy't ek fan is fan de klup.

Tweintich prosint fan de opbringst fan de twadde druk fan it boek giet nei de aksje #meiinoar, dy't jild ynsammelet foar de jeugdoplieding fan sportklup Hearrenfean.

Der binne oant no ta dik 2000 boeken ferkocht.

Yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum meitsje sportferslachjouwers Arjen de Boer en Roelof de Vries in podcast oer de skiednis fan SC Hearrenfean. Dat dogge se mei nijsgjirrige gasten.

De edysje fan dizze wike giet oer de meast beladen potsjes: dy tsjin Cambuur. "Je voelt dan echt de haat", seit Lucas Bijker. Hy makke yn 2015 de gefoelige oerstap fan Cambuur nei Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)