Shorttrackster Lara van Ruijven (27) ferstoarn

10 jul 2020 - 20:44

Shorttrackster Lara van Ruijven is ferstoarn. Dat meldt it reedrydbûn KNSB. Van Ruijven (27) wenne al tsien jier op It Hearrenfean.

Foto: Martin de Jong

By de 27-jierrige wrâldkampioen waard ein juny in stoarnis oan it ymmúnsysteem konstatearre. Se bedarre op de intensive care fan in sikehûs yn Frankryk, neidat se slim siik wurden wie op in trainingskamp yn de Pyreneeën.

Yn de rin fan it ôfrûne wykein ûntstiene der slimme komplikaasjes, mei ûnder oare ynterne bliedingen. Van Ruijven waard oant twa kear ta operearre, en yn in keunstmjittige koma holden, mar har tastân bleaun krityk.

"Wat een vreselijk bericht hebben wij zojuist ontvangen. Het verlies zal in de sportwereld gevoeld worden", seit bûnscoach Jeroen Otter. "Voor dit hechte team is het een enorme dreun. Wij missen haar al twee weken in ons team. Maar het nieuws van vandaag is zo definitief en surreëel. Vreselijk."

Van Ruijven wie as regearjend wrâldkampioene op de 500 meter folop dwaande mei de tarieding foar it nije shorttrackseizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)