Grutte opstekker foar Ljouwerter hoareka: minder belesting betelje

No't hast de helte fan alle hoarekabedriuwen yn it lân technysk fallyt is, kriget de hoareka yn Ljouwert in opstekker. Fan de gemeente Ljouwert hoege se noch mar de helte fan de prekariobelesting te beteljen. Dat is de belesting oer it brûken fan in terras. "Dat skeelt ús hûnderten euro's," seit hoarekabaas Ton Eijer.
Ton Eijer yn syn muzykkafee Scooters yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ton Eijer oer de terrasbelesting
Eijer is eigener fan hoarekasaak Scooters yn Ljouwert. "Ik bin hjir tige wiis mei. Alle kosten gongen de ôfrûne perioade wol gewoan troch. We wiene ticht en de rekkeningen steapelen op."
"No is er dus dy regeling dat we oer die alve wiken gjin belesting betelje hoege. Maart oant en mei maaie wurdt net ferrekkene."
"Ik ha net it grutste terras, mar foar my betsjut it dat ik ûngefear 400 euro minder betelje. De prekariobelesting is gewoanwei per jier sa'n 900 euro, dus dat skeelt foar ús. Gruttere saken as De Walrus betelje ek mear, foar harren giet it al gau nei de 1000 euro."

Koart pleit

Koninklijke Horeca Nederland spant in koart pleit oan tsjin de oerheid om de corona-regels fierder te ferromjen. Eijer slút him der foar de folle 100% by oan, seit er.
"It hanthavenjen fan de regels is fierstente swier. Oeral binne de beheining fuort, mar yn de hoareka bliuwe we der mei sitten."