Friezinne ferstoarn dy't op 63-jierrige leeftyd mem waard

10 jul 2020 - 19:50

Tineke Geessink, dy't yn 2011 lanlik yn it nijs kaam omdat se op 63-jierrige leeftiid in lytse poppe krige, is ferstoarn. Se wenne yn Harns, en se lit in dochterke achter fan njoggen jier âld. Dat meldt RTL Nieuws.

Foto: Omrop Fryslân

De famylje befêstiget it ferstjerren oan RTL, mar wol der fierder neat oer sizze, behalve dat alles goed regele is mei de opfang fan de dochter. Geessink wie allinnesteand, en rekke yn ferwachting nei in ivf-behanneling.

Yn Nederlân leit de grins foar in ivf-behanneling op 45 jier, mar Geessink gie foar har behanneling nei Italië.

Yn 2011 makke Omrop Fryslân dizze reportaazje oer Tineke Geessink.

Trefwurden: 
Tineke Geessink IVF
(Advertinsje)
(Advertinsje)