Emosjonele finish by alvestêdetocht foar sinneboaten: "Het was een verschrikkelijke week"

Trije sinneboaten ha dizze wike de alvestêdetocht folbrocht. Dat is mei it waar fan de ôfrûne dagen mei rjocht in topprestaasje te neamen.
Finish fan alvestêdetocht foar sinneboaten
Foar de dielnimmers wie it net maklik. Se moasten faker wikselje, omdat se bot lêst hiene fan de kjeld. It wie ek in test foar it materiaal. Yn Dokkum wiene der tongersdei al problemen mei ien fan de boaten. En op 300 meter foar de finish gie it wer mis. De motor fan in oare boat hold der mei op. Dy moast oer de finish sleept wurde.

In nije útdaging

It idee fan de tocht kaam fan Menno Wijkhuizen. Hy is in learling fan in middelbere skoalle yn Almere. Hy docht mei oan de Young Solar Challenge, in inisjatyf om jongerein entûsjast te meitsjen foar technyk. Dit jier soe der in grutte sinneboaterace organisearre wurde, oer 15 kilometer, mei boaten dy't de learlingen sels makke ha. Mar troch de coronakrisis gie dy wedstriid net troch.
Wijkhuizen wie earder klear mei skoalle en hy hie syn nocht fan it thússitten. Hy socht in nije útdaging. Mei help fan de organisaasje fan de Young Solar Challenge binne der noch twa oare teams fûn, en doe koe de tocht begjinne.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Hayo Bootsma stie by de Bonkefeart
It waard in útputtingsslach, benammen troch it minne waar. De boaten sels dienen it goed, seit dielnimmer Johannes Thomas Koopmans. "It reinde, mar der kaam genôch enerzjy binnen. Dat fernuvere my al. Wy koene mei trije panielen, sûnder de akku te brûken, dochs seis kilometer yn de oere helje."
Foar Menno Wijkhuizen wie de finish emosjoneel: "Ik heb precies gedaan wat ik wilde doen. Zo nu en dan een beetje racen. Ja, ik moest mij wel aan de snelheid houden en dat was eerlijk gezegd best lastig. Maar ik ben er, en daar ben ik echt heel erg blij mee."
Wat foar him en de oare bemanningen it swierst wie, wie it waar. "Wat een stuk hé. Echt, het was een verschrikkelijke week. Wat hebben we slecht weer gehad. Kijk, nu breekt alles open. Nu begint het mooie weer."