"Lanlike betinkingsdei foar coronaslachtoffers jout tiid om stil te stean by it fertriet"

Der komt in lanlike betinksdei foar coronaslachtoffers. In datum is der noch net, mar de dei moat nei de simmer plakfine. "We ha noch gjin tiid hân om stil te stean by it fertriet", seit boargemaster Jeroen Gebben út namme fan de Fryske feilichheidsregio.
© ANP
Jeroen Gebben oer nasjonale betinkingsdei
Gebben is plakferfangend foarsitter fan de feiligheidsregio. "It wurdt tiid dat minsken romte krije foar it fertriet", seit er. Hoe't de betinkingsdei der krekt út komt te sjen is noch ûnwis.
"We ha as boargemasters oandacht frege foar in lanlike betinking", seit Gebben. "We sjogge hoe slim't de gefolgen binne fan it coronafirus, en hoefolle slachtoffers oft der binne.
De dei kriget in regionaal karakter, seit Gebben, "mei respekt foar elkenien dy't mei it firus te krijen hân hat. Al ha we it yn Fryslân net sa dreech hân as de minsken yn Limboarch en Brabân."

Persoanlik en kollektyf

By sa'n lanlike betinkingsdei hearre 'negative' emoasjes, mar der sit ek in oare kant oan, seit teolooch Rik Zweers, fan Frjentsjer. Hy wie twa jier lyn de earste 'Jonge Theoloog des Vaderlands', en hy is no dûmny by in pop-uptsjerke.
"Mensen vragen zich ook af wat deze crisis hun gebracht heeft, en wat ze gevonden hebben", seit Zweers. "Er zit een persoonlijke kant en een collectieve kant aan. Onze persoonlijke vrijheid inleveren deden we voor elkaar. Dat zorgde voor verbondenheid."
Neffens Gebben moat it ek mooglik wurde foar boargers om mei te tinken oer de ynfolling fan de dei. "We steane altd iepen foar minsken dy't goeie ideeën hawwe."