Drama op It Hearrenfean: "Dat bist brekt los, en fret foar myn eagen myn hûn dea"

10 jul 2020 - 18:01

It wie in tragyske wike foar de 34-jierige Berdien Bies fan It Hearrefean. Har hûntsje Foxy waard deabiten, troch in oare hûn, en it hiele drama spile him foar har eagen ôf.

Hûntsje deabiten

"Ik wie myn hûntsje oan it útlitten en hjir efter my, flak by it brechje, kom ik de bocht om. Dy hûn sjocht my oan, my hûntsje begjint te blaffen en dy hûn brekt los en fljocht op myn hûn ôf. Hy fret sa foar myn eagen myn hûn dea."

In tou en in bekbân

Berdien fynt it bespotlik dat de gemeente de oare hûn net yn beslach naam hat. "Ik fyn dat de gemeente wol hiel maklik in beslút naam hat oer dy hûn. Sa'n beest is gefaarlik en agressyf, en giet aanst werom nei it gesin. En myn hûntsje is der net mear."

De hûn moat fan no ôf wol oan in tou holden wurde, en hy moat in bekbân foar, "mar ik fyn dat dat noch in hiele mylde oplossing is", seit Berdien.

Echt een ongeluk

Neffens de gemeente komt it net faak foar dat in hûn nei in fergelykber ynsidint yn beslach naam wurdt. "Der wurd by it oplizzen fan sa'n maatregel altyd sjoen nei de omstannichheden, seit Sjoerd Talsma. Hy is it haad hanthaving fan Hearrenfean. "It wie echt in ûngelok", seit er.

De boargemaster fan Hearrenfean hat besletten dat de hûn wol by it gesin bliuwt. "Faak sjogge wy dat we mei in losrinferbod en in bekbân de feilichheid wol garandearje kinne, dus it wie net nedich om noch mear maatregels te nimmen", seit Talsma. "In ynsidint as dit komt mar in pear kear yn it jier foar."

Dochs is it foar Berdien net te begripen dat har grutte freon fuort is. "Doe't er in puppy wie, is er al by my kaam, en hy wie der alle dagen foar my", seit Berdien, mei triennen yn de eagen, "mar it is net oars. Hy komt net wer werom."

(Advertinsje)
(Advertinsje)