Waadferiening lilk oer oerheidsfisy op Waadsee: "Het blijft bij vaagheden"

10 jul 2020 - 17:18

De Waadferiening is net bliid mei de takomstfisy dy't de ryksoerheid presintearre hat foar it Waadgebiet. "De echte problemen worden niet aangepakt", seit Hans Revier fan de Waadferiening.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn de saneamde 'Ontwerp-Agenda voor het Waddengebied 2050' stiet ûnder oare dat de gaswinning gewoan trochgiet. De partijen dy't derby belutsen binne, sizze wol dat se harren ynsette om earder op te hâlden mei de gaswinning as dy kâns foarby komt, mar sa lang ús lân it gas nedich hat, giet de winning troch.

"Dit zijn geen maatregelen die hout snijden", seit Revier. "Het blijft bij vaagheden. We zien dat de visstand behoorlijk achteruit gaat, en de broedvogels doen het ook slecht."

De Waadferiening is yn juny út it lanlike oerlis stapt dat oer de Waadsee giet. Revier hat dêr noch gjin spyt fan, seit er. "Er zijn mogelijkheden zat om het beleid te beïnvloeden. Er is ook nog politieke besluitvorming, en op een gegeven moment zijn activiteiten ook vergunningsplichtig, dat geeft juridische mogelijkheden."

Trefwurden: 
Waadsee Waadferiening
(advertinsje)
(advertinsje)