PODCAST SC Hearrenfean 100 jier: "Die mensen konden je wel opeten!"

10 jul 2020 - 16:12

Sportklup Hearrenfean hat yn it 100-jierrich bestean fan de klup hiel wat moaie wedstriden spile, mar de meast beladen potsjes binne dochs dy tsjin SC Cambuur. Omdat Hearrenfean op 20 july 100 jier bestiet sjogge we yn seis podcasts werom om ferskate tema's. Dit kear ha we it oer de twastriid tusken Hearrenfean en Cambuur, mei Maarten de Jong en Foppe de Haan, dy't aardich wat derby's meimakke ha, en mei Lucas Bijker, dy't de oerstap makke fan Cambuur nei Hearrenfean.

"Het was voor mij altijd de wedstrijd van het jaar", seit Mister Hearrenfean, Maarten de Jong oer de Fryske derby. "Die wedstrijd mocht je gewoon niet verliezen. Het was zelfs zo dat Cambuursupporters 's nachts toeterend bij ons in de straat reden om mij uit de slaap te houden."

Foppe de Haan kin dat befêstigje. "Doe't ik foar it lêst op 'e "bokkewagen" siet, doe wie it wol heftich." Cambuursupporters hiene syn telefoannûmer grut op in spandoek set. "Ik krige doe wol in hiel soad berjochtjes en telefoantsjes, mar ach, ik ha noch altiten itselde nûmer", laket De Haan.

Gefoelige oerstap

Lucas Bijker makke yn 2015 de gefoelige oerstap fan Cambuur nei Hearrenfean. "Dat is nog steeds niet vergeten", seit Bijker, dy't tsjintwurdich by KV Mechelen fuotballet. "Maar ik heb er geen spijt van, voor mij was het een mooie stap."

Maarten de Jong koe wol genietsje fan de rivaliteit tusken de beide ploegen, ek al wie er net populêr yn Ljouwert. "Ik vond het wel leuk om in Leeuwarden te voetballen, die mensen konden je wel opeten. Dan ga ik de uitdaging aan, en heb zoiets van: "Kom maar op!" Bijker: "Je voelt dan echt de haat, dat zijn de mooiste wedstrijden."

De alderearste Fryske derby waard spile yn it seizoen 1964/1965. Yn totaal troffen SC Hearrenfean en SC Cambuur inoar 62 kear yn in offisjele wedstriid. Dêrfan stapte Hearrenfean 27 kear as winner fan it fjild.

Omdat SC Hearrenfean dit jier 100 jier bestiet, binne wy dwaande mei it 'Hearrenfean-alvetal fan de iuw'. Oant no ta binne der sân spilers nominearre út de skiednis fan de klup. No is it de taak foar Foppe de Haan, om in spiler út te sykjen. Neffens De Haan mei Danijel Pranjic net ûntbrekke.

Foto: Omrop Fryslân

"Pranjic wie hiel goed oan de bal", seit De Haan. "Hy wie in middenfjilder, mar koe ek goed ferdigenje. In moaie linkspoat, echt in topper. Hy is net foar neat nei Bayern München ta gien."

Yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum nimme sportferslachjouwers Arjen de Boer en Roelof de Vries in podcast op oer de skiednis fan SC Hearrenfean. Dat dogge se mei nijsgjirrige gasten.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en op ús webside. Dêr binne alle oare Sportcasts ek te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)