41 kandidaten foar boargemasterskip Skylge

41 minsken ha sollisitearre op de fakatuere fan boargemaster fan Skylge. It giet om 13 froulju en 28 manlju. De leeftiid fariearret tusken 43 en 63 jier. Tsien kandidaten binne lid fan de VVD en acht binne partijleas. De oare kandidaten binne lid fan it CDA (5), D66 (5), GroenLinks (5), in lokale partij (4), PvdA (3) of ChristenUnie (1).
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De boargemasterspost fan Skylge kaam yn april frij nei it fuortgean fan Bert Wassink. Hy waard wethâlder yn Ljouwert. Jon Hermans-Vloedbeld folge him op as waarnimmend boargemaster. Kommissaris fan de Kening Arno Brok ferwachtet dat de nije boargemaster ein oktober of begjin novimber oantrede kin. De kommissaris hat nei petearen mei kandidaten in seleksje út de sollisitanten makke en hjir freed oerlis oer hân mei de gemeentlike betrouwenskommisje.
De ried beslút ynkoarten hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. Uteinlik wurdt de nije boargemaster troch de Kroan beneamd.