Advokaat: kliïnt hannele út selsferdigening by deadlike stekpartij Easterwâlde

10 jul 2020 - 16:47

De Ljouwerter dy't op 4 april yn de wenning fan syn eks yn Easterwâlde in 44-jierrige man út Bovensmilde deastuts, die dat út selsferdigening. Dat sei de advokaat fan de man freed op de pro-forma sitting by de rjochtbank. Ein novimber sil nei alle gedachten de saak ynhâldlik behannele wurde. De fertochte sil him dan beroppe op 'noodweer' of 'noodweerexces'.

Foto: De Vries Media

De Ljouwerter wurdt der fan fertocht dat er by in rûzje yn de wenning fan syn eks yn Easterwâlde, de man út Bovensmilde mei in mes stutsen hat. It slachtoffer wist út te naaien en ried nei in tankstasjon. Hy ferstoar letter oan syn ferwûningen. De Ljouwerter wurdt fertocht fan moard of deaslach. It Iepenbier Ministearje ferwyt him ek dat er op de deselde dei syn eks-partner mishannele en bedrige hat.

Beide manlju wiene op besite yn de wenning. De man út Bovensmilde hie in relaasje mei de eks-partner fan de Ljouwerter. De fertochte en syn eks-partner hawwe beide ferklearre dat der in fjochtpartij tusken de beide manlju west hat.

Foararrest

De rjochtbank hat freed it foararrest fan de Ljouwerter mei ûnbepaalde tiid ferlinge. It Iepenbier Ministearje is noch drok dwaande mei it ûndersyk. It wachtsjen is ûnder oaren op rapporten oer de persoanlikheid fan de fertochte en de útkomst fan in letselûndersyk. De ferwachting is dat de saak ein novimber ynhâldelik behandele wurdt.

Nei de deadlike stekpartij hold de plysje ekstra tafersjoch yn Easterwâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)