Omrop TIP: Konsert Noord Nederlands Orkest op telefyzje

10 jul 2020 - 14:30

It Noord Nederlands Orkest (NNO) joech op freed 3 july foar it earst sûnt de coronakrisis wer in konsert. It konsert yn SPOT/De Oosterpoort yn Grins wie live te folgjen fia de online kanalen fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe. Freed wurdt it konsert ek op telefyzje útstjoerd by Omrop Fryslân. It NNO spilet, yn in lytsere besetting, in seleksje fan klassike topstikken dirigearre troch fêste gastdirigint Antony Hermus.

Foto: Mariska de Groot

It NNO lit earst it begjindiel út Dvoráks Nieuwe Wereld-symfony hearre, in stik oer syn yndrukken fan Amearika dat kwa titel ek by de hjoeddeiske situaasje past. Fan Robert Schumann klinkt it spiritueel laden diel út de Tredde symfony. Stikken fan Mozart en Johann Strauss bringe in fleurige noat en it NNO einiget mei de Finale út Beethovens Sânde symfony - want 2020 is noch altyd Beethoven-jier.

Lês hjir mear oer it konsert en de tariedingen fan it NNO dêrop.

It konsert fan it Noord Nederlands Orkest is freed 10 july om 20.30 oere te sjen op Omrop Fryslân telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)