Dokkum krijt it lytste biermuseum fan Nederlân

Yn Dokkum komt in lyts biermuseum. It wurdt fêstige yn de kelder fan stedsbrouwerij Bonifatius oan de Diepswal. De behearder fan de stedsbrouwerij, Stichting Dockumer Biergilde, hat 70.000 euro Europeeske subsydzje krigen foar dit projekt. De rest fan it jild - nochris 70.000 euro - komt út de winst fan de ûndernimming. It Dokkumer biermuseum wurdt it lytste biermuseum yn Nederlân.
It brouwen fan it bier © Dokkumer bierbrouwerij
It biermuseum is ûnderdiel fan it projekt 'Van Bonifatius tot Biergeschiedenis'. Njonken it museum wurdt der ek in replika putstoel pleatst op de kaai foar de Djipswâl, oer it Grutdjip.

Putstoel

De putstoel waard eartiids brûkt om wetter út houten tontsjes te takeljen dy't op wetterskûtsjes stiene. It wetter waard dêrnei nei de kelder fan de brouwerij brocht en oergetten yn tonnen of tsjettels. Fan dat wetter waard úteinlik bier makke. It wetter fan de bieren yn Dokkum kaam fan de Bonifatiusbron.
Pentekening troch F.J. van der Elst, Dokkum, 1764 © net bekend
Mei it projekt 'Van Bonifatius tot Biergeschiedenis' wurdt de skiednis fan it bierbrouwen yn Dokkum nij libben yn blaasd. Yn de midsiuwen waard der al bier broud. Op it hichtepunt wiene der 19 brouwerijen yn de stêd. Yn 1876 hold de lêste Dokkumer brouwer op.
Yn 2016 begûn it Dockumer biergilde mei de brouwerij en dêrmei kaam it Bonifatiusbier werom.