Flylân wekket tefolle enerzjy op: stroom moat oars brûkt wurde

10 jul 2020 - 13:19

Flylân produsearret tefolle enerzjy. Op it eilân wurdt safolle griene stroom opwekke dat de kabel fan it eilân nei de fêste wâl it net mear oankin. In nije kabel troch it Waad soe 15 miljoen euro kostje en de oanlis soe jierren duorje. Netbehearder Liander wol de stroom dêrom op it eilân brûke litte.

Foto: Shutterstock.com

"Het is goed nieuws dat er werk wordt gemaakt van duurzaamheid, het probleem is alleen dat de installaties de stroom niet meer kunnen afvoeren," seit Jelle Wils fan Liander. "We kunnen wel een extra kabel gaan aanleggen, dat kost 15 miljoen en moeten we met zijn allen voor betalen."

Waskje wannear't de sinne skynt

De netbehearder siket dêrom no alternative wizen om de stroom kwyt te reitsjen. "We zijn in gesprek met een aantal partijen om te kijken of we de overtollige energie op een andere manier kunnen gebruiken. Op zonnige dagen wordt overdag flink geproduceerd. Je zou kunnen kijken, kunnen we zorgen dat er dan ook meer verbruik plaatsvind? Men zegt ook wel eens, zet je wasmachine aan als de zon hard schijnt."

Trochdat Flylân net folle ynwenners en gjin yndustry hat, wurdt it lestich om it oerskot fuort te wurkjen. "Het is een kleine gemeenschap, dat maakt het interessant om te zien hoe we dat gaan oplossen." Ek op de oare eilannen spilet it probleem, seit Wils. "Op de andere eilanden zie je dezelfde ontwikkelingen, zoals op Terschelling en Texel." Nei It Amelân wurdt wol in kabel oanlein omdat ek de NAM dêr gebrûk fan meitsje sil.

Jelle Wils oer it enerzjyoerskot op Flylân

(Advertinsje)
(Advertinsje)