GGD: trije nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne de ôfrûne wike trije ynwenners posityf testen op corona. Dat is itselde oantal as ferline wike. Mei-inoar is der sûnt de útbraak fan it firus by 638 Friezen corona fêststeld. Dat getal is oars as ferline wike omdat der no ek Friezen meirekkene wurde dy't net yn Fryslân test binne, mar wol yn Fryslân wenje.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
Yn de fersoargingstehuzen is de ôfrûne wike net ien posityf test. It oantal minsken dat ferstoarn is oan it firus yn Fryslân is al fiif wiken itselde. Ek de ôfrûne wike is der net ien by kommen.