Fleantúchûngelok wêrby't Drachtster omkaam net feroarsake troch technysk mankemint

It fleantúchûngelok mei in elektrysk fleantúchje by Stadskanaal yn oktober 2018 wêrby't in 55-jierrige Drachtster om it libben kaam, is net feroarsake troch in technysk mankemint. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid. De piloat hie neffens de Raad te min ûnderfining mei it fleantúch.
© Dutch Aviation Police
It ûngelok waard feroarsake troch in lege loftsnelheid. Hjirtroch kaam it fleantúch yn in begjinnende spin, wêr't it fleantúch net mear útkaam.
De Onderzoeksraad hat nei de saak sjoen om't it foar it earst wie dat der in elektrysk fleantúchje delstoarte yn Nederlân. Neffens de ried moat der wol mear tafersjoch komme op de Microlight Aeroplanes. De hjoeddeistige regeljouwing is net foldwaande, en dêr moat better nei sjoen wurde.