Spesjale Skylger terreinauto te keap foar de 'echte leafhawwer'

10 jul 2020 - 10:25

Leafhawwers fan Skylge kinne no nei de ANWB-poddestuollen, noch in typysk Skylger symboal bemachtigje. In spesjale edysje fan de Suzuki Jimny.

Foto: VVV Skylge

De auto hat de kleuren fan de Skylger flagge, en is ferline jier ynset as promoasje-auto. It type auto is tige populêr op it eilân, fandêr dat der foar dizze Japanner keazen waard as promo. De 'echte leafhawwers fan it eilân' kinne fia Marktplaats biede op de auto. De opbringst giet nei it Dirk Metz Fûns en de fierdere promoasje fan Skylge.

Trefwurden: 
Skylge Jimny
(Advertinsje)
(Advertinsje)