Simmerblog: Simmer op Skiermûntseach

10 jul 2020 - 18:00

Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje. Se strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer?

Hjoed binne we de hiele dei op Skiermûntseach. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Simmer op Skiermûntseach
18:00
Ein van dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Moandei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Marsum. Oant dan!

17:38
It is gesellich!

It sintsje is derby en it is gesellich op it terras. Dat komt foarl troch Henriëte Pieperiet en Marius van Delden, dy't de sfear der mei haren muzyk goed ynhâlde. Se sjonge yn it Skiermûntseagersk én oer Skiermûntseach.

Henriëte Pieperiet en Marius van Delden

Marius van Delden en Henriëte Pieperiet - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:44
Efkes wat oars

Oan de Waadseekant fan Skiermûntseach stiet restaurant Wad Anderz. Eigener Eelke van der Heide besiket alles wat oars as oars te dwaan. Sa wurdt der sushi fan nije hjerring makke.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by Wat Anderz

15:43
"Na een kitesessie kan je de hele wereld weer aan!"

By Skiermûntseach wurdt ek in soad oan kitesurfen dien. En dat hat positive effekten op 'e geast: "Na een kitesessie kan je de hele wereld weer aan!"

Kitesurfe op Skiermûntseach

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
14:46
Wettersport op Skier

Op in eilân wurdt fansels ek oan wettersport dien. sa kinne je oan it Noardseestrân bygelyks kitesurfe, sile of kajakke.

Wettersport op Skier

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
14:26
Bôgesjitte op it strân

De pylken fleane hin en wer op it strân fan Skiermûntseach. Rekreaasjeteam Lytje Willem organisearret dêr allegear aktiviteiten foar de bern, lykas bôgesjitten.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op it strân fan Skier

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
13:15
De nijste dyk fan Skier

Plannen foar in nije dyk soargje foar argewaasje op Skiermûntseach. De dyk soe troch it lân fan Tessa Brands komme, en dat is in grut probleem foar har buorkerij. "Wij zetten in op biodiversiteit. Als je biodivers gaat boeren heb je minder koeien op je land. Op een geven moment komt je bestaansrecht in gevaar."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Tessa Brands

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
11:39
Bûtsykje

Op it strân fan Skiermûntseach is fan alles te finen, fertelt Thijs de Boer. Neist skulpen fynt er geregeld ierdewurk, flessepost, njoggeneagen en hy hat sels de boppekaak fan in orka.

Wat is der op it strân fan Skier te finen?

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
10:59
Paal 14

Schelpenmuseum Paal 14 is "een beetje een uit de hand gelopen hobby," fertelt Thijs de Boer. Yn it museum binne skulpen fan oer de hiele wrâld te sjen, mar ek oar guod dat je op it strân fan Skier tsjinkomme kinne.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn it Schelpenmuseum

10:11
Buorkje, kampearje en fla

Kampearbuorkerij De Oorsprong stiet op it stuit hielendal fol. "De rust, de ruimte. En de boerderij erbij vinden een heleboel mensen leuk," fertelt Freek Visser.

Neist buorkjen en kampearjen wurdt der op de De Oorsprong ek suvel makke. "We maken vla en yoghurt. We zijn heel klein begonnen met pannetjes in huis, maar toen de coronacrisis uitbrak zijn we begonnen met een grotere tank," seit Marieke Blaauwiekel. Yntusken meitsje se sa'n 200 liter yn 'e wike.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op camping De Oorsprong

Marieke Blaauwiekel en Freek Visser - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:53
Marten

It âldste hûs fan Skiermûntseach, mei de namme Marten, waard yn 1724 boud. Dêrfoar wie it eilân lykwols ek al bewenne. "Westerburen was het eerste dorp, toen de monniken kwamen is het dorp Schiermonnikoog gesticht," fertelt Talsma. It doarp Westerburen ferdwûn yn 1760 yn de see.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by 'Marten'

9:45
It doarp Skiermûntseach

"We hebben een authentiek plaatsje, met hele mooie huisjes en hier gebeurt het eigenlijk allemaal," fertelt Monique Talsma. Troch de coronakrisis hie Skiermûntseach, grutdiels ôfhinklik fan it toerisme, in pear swiere moannen. "Je ziet nu weer mensen op de terrassen zitten, je ziet weer mensen fietsen, dat doet goed."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op Skiermûntseach

9:30
Wolkom op Skiermûntseach!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed op Skiermûntseach. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Tongersdei wie Simmer yn Fryslân yn Easterlittens. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)