ProRail docht grut ûnderhâld tusken Hurdegaryp en Bûtenpost; Arriva set bussen yn

10 jul 2020 - 10:03

De kommende wiken moatte treinreizgers tusken Ljouwert en Grins rekken hâlde mei fertraging. ProRail fiert tusken de stasjons Hurdegaryp en Bûtenpost grut ûnderhâld út oan it spoar. Fanwegen dat wurk sil op dit trajekt fan freed oant en mei woansdei alternatyf ferfier ynset wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

"We gaan daar vijftien kilometer spoor compleet vernieuwen. Zodat we daar weer jaren mee vooruit kunnen", seit Aldert Baas fan ProRail.

Arriva set bussen yn om de reizgers tusken Hurdegaryp en Bûtenpost te ferfieren. Ek op snein 19 july ride der bussen ynstee fan treinen op it trajekt tusken Ljouwert en Grins.

Aldert Baas fan ProRail oer de wurksumheden

Trefwurden: 
Ljouwert spoar Grins ProRail
(Advertinsje)
(Advertinsje)