Femke Marije Wiersma: "Sûnder perspektyf gjin ein oan boereprotesten"

10 jul 2020 - 09:27

Salang't it kabinet gjin perspektyf biedt, komt der gjin ein oan de boereprotesten. Dat seit Femke Marije Wiersma fan de Boer Burger Beweging. Al dagenlang binne der boeren dy't demonstreare tsjin it kabinet, fanwege in ferbod op it feefoer dat de kij no krije.

Foto: ProNews

Wiersma begrypt wol dat de boeren yn aksje komme, omdat se noch hieltyd gjin dúdlikheid krije fan it kabinet. "Ik tink dat it hiel belangryk is dat boeren perspektyf jûn wurdt, dat se witte wêr't se oan ta binne. De regeljouwing feroaret no mei de dei."

Se waard bekend fan Boer zoekt Vrouw, gong dêrnei nei it Nederlânsk molkfeehâldersfakbûn, en no is se kandidaat-keamerlid foar de Boer Burger Beweging. Miskien wol as listlûker. De partij komt meikoarten mei de list nei bûten, seit se. Mear wol se dêr net oer sizze. "It liket my dat we dêr earst binnen der partij oer prate. Mar ik slút it net út."

Femke Marije Wiersma: "Boeren moatte witte wêr't se oan ta binne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)