Kollum: "Paradise picknick"

10 jul 2020 - 08:34

"Der stie fan 'e wike in stik yn 'e krante oer mooglikheden om dyn bern anty-rasistysk op te fieden en datst dêr betiid mei begjinne moatst. Bist bygelyks bekend mei wite privileezjes en wat witst oer it slavernijferline? Nei it lêzen fan it artikel tocht ik efkes oan myn eigen opfieding mar ek oan de útspraak: 'Alles datst oandacht joust, groeit.'

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

Wat myn opfieding mei dy útspraak gemien hat, is dat rasisme by ús thús net in ûnderwerp wie. Us heit en mem hiene gjin foaroardielen dus it wie it ek gjin probleem om mei donkere minsken om te gean of ferkearing te hawwen. Ik ha der dus nea wekker fan lein mar dat wurdt no miskien wol útlein as dat we ús te min ferdjippe ha yn kennis oer rassen, hûdskleuren en rasisme.

Mar sa't it op it heden giet, fyn ik ek net mear normaal en ik leau deryn dat alles groeit ast it genôch oandacht joust. As ik sis dat jimme net oan in rôze oaljefant tinke meie, dogge jimme it al en ik ha it idee dat de klam op it rasisme no krekt mear rasisme ta gefolch hat. En ik ha ek al heard dat guon lju amper mear witte hoe't se harren hâlde en drage moatte by donkere minsken wylst se dêr oars hielendal gjin muoite mei hiene.

Ik wol as mem leaver ek net diskriminearje mar wy skowe de werklikheid ek net ûnder it kleed. Dy werklikheid is spitigernôch dat der yndied noch in soad blanken binne dy't lang net sosjaal binne nei minsken mei oare kleuren, mar ek datst bygelyks as blonde frou flink lêst ha kinst fan donkere manlju.

Doe't ik eartiids op skoalreiske yn Paris wie, fielde ik my gauris losrinnend wyld omdat se oan my sieten, oer myn hier aaiden en 'je 't aime' flústeren ast der by del rûnst. Mar in pear is net de mearderheid en dêr ha ik net alle aardige donkere manlju dy't ik letter tsjinkaam op ôfrekkene. Witst no ien kear wol dat it op guon plakken sa is en dêr hâldst rekken mei, of soe soks dan einlings ek ris feroarje?

Black Lives Matter is grif begûn mei de bêste bedoelingen, mar sa stadichoan krije in soad minsken har nocht derfan. Sels bekrûpt my gauris it gefoel dat ik earne skuldich oan bin of sa. Mar ik kin der neat oan dwaan dat ik blank bin en ek net oan it feit der in hiele protte omkoalen mei ferskate kleuren op dizze ierde omrinne dy't wierskynlik nea har ferstân krije.

Earlik sein, bin ik gauris jaloersk op de moaie brune hûd en lange swarte wimpers fan donkere minsken. Sûnt ik ferkearing krigen ha mei in skûtsjeskipper en faker op it wetter kaam, kin myn hûd better tsjin de sinne as eartiids op it Bildt. Doe ferbrânde ik libjend en wie de sinne myn freon net.

De measten yn ús famylje kinne net goed oer de waarmte en as it op nei de 25 graden giet, roppe wy al gau dat it gjin waar is foar in blanke. Soe dy útspraak ek as rasisme bestimpele wurde? It soe samar kinne, wylst ik altyd tocht ha dat it oer ús eigen swakheden gong.

Ynstee fan te demonstrearjen tsjin rasisme kinne we miskien better mei inoar picknicke op it paradyslike plattelân. Gesellich mei inoar ite soarget grif earder foar akseptaasje en begryp as sa't der no betiden yn om reage wurdt. Op sa'n barren is it foar lytse bern ek feilich om te kommen en sjoen nei hoe sosjaal dy ornaris fan natuere mei inoar omgean tink ik dat soks in goede les wêze kin foar elkenien."

De Toan fan Hilda Talsma

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)