Wenningkorporaasjes liede needklok: kontinuïteit sosjale wenningbou yn gefaar

10 jul 2020 - 08:08

Wenningkorporaasjes liede de needklok: it jild rekket op, en de kontinuïteit fan de sosjale wenningbou is yn gefaar. Dat seit Rein Swart. Hy is de foarsitter fan de feriening fan Fryske wenningkorporaasjes. As der neat feroaret, binne der aanst minder betelbere huzen beskikber; wurde der minder huzen ferduorsume, en giet de leefberheid yn de wiken efterút. Allinne yn Fryslân al is der in tekoart fan trije miljard euro.

Woningbouwvereniging - Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

"Een van de belangrijkste oorzaken is dat wij minder inkomsten hebben dan wat er momenteel uitgaat", seit Swart. "Jaarlijks betalen alle corporaties zo'n twee miljard euro. Dat gaat rechtstreeks de schatkist in. Dat is wel geld dat van de mensen komt met de laagste inkomens."

De feriening is al in skoft oan it lobbyen yn Den Haag. "Tot nu toe heeft dat niet geholpen. We geloven wel in de kracht van herhaling. In dit geval hebben drie ministeries samen met onze organisatie onderzoek gedaan. Dat heeft aangetoond dat we het vandaag en morgen nog redden, maar de komende jaren niet meer", seit Swart.

Minder ferduorsumje

As der net mear jild komt, dan sille de Fryske wenninkorporaasjes neffens Swart minder ferduorsumje. "Dat raakt ons natuurlijk diep, want dat heeft van doen met de leefbaarheid op onze aardkloot. We kunnen minder nieuwbouw doen, de kwaliteit van woningen zal achteruit gaan. Uiteindelijk heeft dat ook gevolgen voor de leefbaarheid in buurten en wijken", tinkt Swart.

De hier mar in hiel stik ferheegje om de tekoarten op te lossen is neffens Swart net oan de oarder. "Daar zit natuurlijk een grens aan, want wij zijn er voor de mensen met de kleinste beurs. Dan kun je niet oneindig de huur verhogen, dat willen we ook niet. Die betaalbaarheid is juist ook de reden dat wij bestaan", sa seit Swart.

Rein Swart oer it gefaar foar de sosjale wenningbou

(advertinsje)
(advertinsje)