Sporter fan de Wike: Jesper Hospes

De reedriders lizze de basis foar it nije seizoen yn de simmermoannen. It is in wichtige perioade dus. Guon riders sitte al yn it Súd-Dútske Inzell om dêr op simmeriis te riden, oaren bliuwe yn Fryslân en sitte benammen op de fyts. Sa as Jesper Hospes, dy't it kommend seizoen gewoan wer foar it Gewest Fryslân rydt. Dat soe net, mar hy waard oan de kant set by in oare ploech. En dan rekke er ek nochris yn it sikehûs.
FH REPO SfdW Jesper Hospes
It hawwe hektyske wiken west foar Hospes. Te begjinnen mei in feroaring fan de ploech. Nei de ein fan it foarige reedrydjier waard de Feanster frege troch kollega Koen Verweij om by harren oan te sluten.
Verweij soe tegearre mei syn freondinne in nije ploech opsette ûnder lieding fan coach Kosta Poltavets. Hospes gie yn op dat oanbod. "Yn de coronatiid binne we gewoan trainen gien. Fan 6 april ôf binne we dwaande mei in nije line."
© Omrop Fryslân
Twa wiken lyn op tongersdei krige er ynienen te hearren dat der gjin plak mear foar him wie. Verweij dielde him dat mei yn in petear. "Der skynt in fjouwerkoppich bestjoer te wêzen en dy oerlizze mei sponsoaren. Der is in sponsor dy't my te âld fynt en my net yn it gehiel passen fynt. Dat is it boadskip dat ik krigen haw en dêr moat ik it mei dwaan", sa fertelt de 31-jierrige Hospes.

"Net fair"

Hy hâldt der gjin goed gefoel oan oer, mar hat der yntusken in flinke streek ûnder set. "Sa'n klap komt wol hurd oan. Hielendal om't ik soks noch noait heard haw, dat ien der healweis útset wurdt. It is in aparte wize fan saken dwaan. Der waard my frege om it saaklik op te pakken, dat haw ik dien en ik bin ek posityf. Mar ik fyn it net fair."

'Vervelend'

Joris Hoogenbosch is de grutte man efter de nije ploech fan Verweij en Leerdam. Neffens him hat it hielendal net oan de oarder west dat Hospes yn dat team komme soe. "Ik heb Jesper nog nooit ontmoet en zijn naam er niet bij zien staan", fertelt Hoogenbosch yn in reaksje op it ferhaal fan Hospes.
Hoogenbosch hopet yn augustus it team te presintearjen. Dat Hospes it gefoel hie dat hy dêr ek by sitte soe, is 'vervelend', seit de direkteur fan it team. Hy tinkt dat Verweij Hospes it gefoel jûn hat dat er derby komme soe. "Dat is heel vervelend, maar staat los van de ploeg", seit Hoogenbosch mei klam.
Jesper Hospes foarich seizoen yn it pak fan it Gewest Fryslân © Orange Pictures
En dus rydt Hospes takom seizoen 'gewoan' wer yn it reedrydpak fan it Gewest Fryslân. Hy mocht weromkomme fan it bestjoer en fan de coach, en syn heit, Henk Hospes.
"Jesper en Aron (Romeijn, traint noch wol mei by Verweij syn ploech; red.) binne wol twa jongens dy't it Gewest Fryslân ek op de kaart set ha. Dêr moatte we ek grutsk op wêze. Fandêr dat we sein ha dat de doar foar se iepenstiet", sa fertelt Henk Hospes, dy't sjoen hat wat de lêste wiken mei syn soan dien hawwe. "As heit kin ik allinne mar grutsk wêze op hoe't er it oppakt. Hy hat der wer sin oan en dêr bin ik wiis mei. Foar de rest is it wat it is."
Foardat ik der oer neitinke koe, lei ik yn de Tjongerskâns.
Jesper Hospes
Mar, de feroaring fan de reedrydploech wie net it iennige foar Jesper Hospes. Der kamen ek nochris fysike problemen by, fertelt er. "Op tongersdei krige ik it fan Verweij te hearren en op sneon krige ik pine yn 'e bealch. Op snein koe ik neat mear en op moandei waard ik operearre. Foardat ik deroer neitinke koe, lei ik yn de Tjongerskâns."

Blinetermûntstekking

Hospes moast ûnder it mes fanwege in blinetermûntstekking. "Ik moast in pineskoare jaan fan nul oant tsien. Doe ha ik mar in tsien jûn. Dat dogge wy sporters net sa faak yn it sikehûs, want dan moatte wy bliuwe."
Nei de operaasje mocht er gau wer nei hûs, mar hy fernimt de gefolgen der no noch wol fan. "It giet no gelokkich goed, mar hast der wol wat fan te lijen. De narkoaze docht noch it meast. Ik wie hiel wurch en prikkelber foaral."
© Omrop Fryslân

Sporter fan de Wike

Dit is foarearst de lêste útstjoering fan de Sporter fan de Wike. De rubryk kaam as ferfanging fan de Wedstriid fan de Wike. Troch it coronafirus waarden der nammentlik gjin wedstriden mear organisearre. Beide rubriken geane no yn de simmerstop en komme mooglik nei de simmer werom by Omrop Fryslân. De lêste wiken hat der in grut ferskaat oan Sporters fan de Wike west. Dizze binne hjir werom te finen.