Helptsjinsten manmachtich útriden foar syktocht nei trije fermiste bern by Appelskea

10 jul 2020 - 06:13

De helptsjinsten binne tongersdeitejûn manmachtich útriden foar in syktocht nei trije fermiste bern yn it Drents-Friese Wold by Appelskea. De trije Dútske bern binne úteinlik yn goede sûnens weromfûn yn de bosk by Wateren.

De helptsjinsten by it Drents-Friese Wold - Foto: De Vries Media

By de syktocht waarden meiwurkers fan plysje, brânwacht, Staatsbosbeheer en de maresjaussee ynset. De bern binne mei in brânwachtbus út de bosk helle en nei harren âlden brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)