Van den Belt nei earste 'coronaduel': "Los van het sportieve, een nuttige wedstrijd"

10 jul 2020 - 00:11

Gerald van den Belt sjocht mei in goed gefoel werom op de earste wedstriid fan SC Cambuur nei de coronapauze. De Ljouwerters oefenen tongersdeitejûn tsjin ONS Snits (11-0). It wie de alderearste wedstriid fan in profklup nei't de kompetysje yn maart stopset waard. Der mochten 250 taskôgers nei binnen yn it Cambuur Stadion.

Trochdat Cambuur de earste betelle fuotbalorganisaasje is dy't wer in wedstriid spile, wiene der in soad eagen op Ljouwert rjochte. Der is in soad tarieding oan foarôf gien, sa fertelt Van den Belt. "We hebben er deze week veel over gesproken. Al een maand zijn we bezig met allerlei maatregelen. Tegenstanders moeten getemperatuurd worden en alles erop en eraan, wisselspelers op de tribune, trainers ver uit elkaar. Hoe meer mensen en hoe meer aandacht er is, hoe moeilijker het is het te organiseren."

Der mochten 250 taskôgers nei binnen en nettsjinsteande dat de klup wol mear minsken yn it stadion hawwe woe, wie dit neffens Van den Belt in goed oantal om mei te begjinnen. "Vanaf 1 augustus mogen we weer met veel meer publiek spelen. Als organisatie hebben we goed kunnen testen om alle coronamaatregelen uit te voeren. Los van het sportieve was het een nuttige wedstrijd. Het is goed gegaan."

Foto: Orange Pictures

Fuotbalbûn KNVB hat tongersdei in protokol nei bûten brocht dêr't yn stiet hoe't it fuotbal der aanst útsjen sil. Ien fan de konklúzjes is dat stadions foar 20 oant 40 persint fol sitte sille. Dat fynt Van den Belt te min.

"Je moet uitgaan van 3 tot 4.000 mensen maximaal in het stadion. De seizoenkaartenverkoop gaat goed, sponsoren zijn gebleven, dus ik hoop dat we de eerste wedstrijd van het seizoen met alle vaste supporters en sponsoren kunnen voetballen. Onder deze voorwaarden kan dat niet, maar ik hoop dat als de tweede golf uitblijft, het verruimd gaat worden. Ik hoop dat die 5.500 tot 6.000 mensen straks in het stadion mogen zijn."

Nije wike spilet Cambuur op 'e nij in oefenwedstriid, dan thús tsjin Harkemase Boys. Van den Belt: "Dat is een tweede test."

(advertinsje)
(advertinsje)