Gas- en sâltwinning Waadgebiet giet kommende jierren noch troch

09 jul 2020 - 23:11

De gaswinning ûnder it Waad giet gewoan troch, sa kinne je konkludearre út de 'Ontwerp-Agenda voor het Waddengebied 2050' dy't tongersdei iepenbier makke is. Yn de Twadde Keamer is earder alris frege om der mei op te hâlden, mei it each op de ferwachte seespegelstiging en ek yn de provinsjale polityk is der op oantrune.

Foto: Remco de Vries

Wol sille de by dizze gebietsaginda belutsen partijen harren ynsette earder op te hâlden mei de gaswinning as dêrta kânsen foarby komme. Mar sa lang ús lân it gas nedich hat, giet de winning troch. Hjirby wurdt it 'hân oan de kraan-prinsipe' hantearre. Ek de sâltwinning út Harns wei ûnder it Waad kin trochgean. Der komme lykwols gjin nije konsesjes.

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat makket foar alle grutte wetters sa'n gebietsaginda. Alle partijen dy't deroan meidogge, prate mei elkoar ôf dat sy dy aginda útfiere sille. Alle oerheden dogge der oan mei, it bedriuwslibben en de natuer- en miljeu-organisaasjes. Allinnich stipet yn dit gefal de Waadferiening dizze aginda net, omdat der gjin dúdlike keuzes makke wurde oer ûnder oare de gaswinning.

Wynparken

As it giet oer nije foarmen fan enerzjy, lykas de oanlis fan wynparken boppe de Waadeilannen, is it wol in útdaging om de kabels en liedingen dêrhinne in goed plak te jaan yn de Waadsee. Der komt in ûndersyk nei. Besocht wurdt om dy safolle mooglik byinoar del te lizzen op plakken dêr't al kabels lizze, lykas Den Helder en Eemshaven. It gebiet is wol geskikt foar proeven mei it sels opwekjen fan duorsume enerzjy om selsfoarsjennend te wurden, mar der jilde betingsten foar dy't noch fierder útwurke wurde.

De Waadkust fan Flylân by it begjin fan de Vliehors - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It feroarjende klimaat is sjoen it karakter fan it Waad in wichtich ûnderdiel fan dizze aginda. Elke fiif jier wurdt ûndersocht hoe't it giet mei de Waadboaiem en de stiging fan de seespegel. En foar elk Waadeilân wurdt in klimaatoanpak makke. Dêrfoar moatte alle bewenners en partijen mei elkoar te set oer maatregels foar saken, lykas de seespegelstiging, ferdrûging, wetteroerlêst en hjittestress.

Ek moat der útwurke wurde hoe't omgien wurde moat mei in dyktrochbraak. Der komme ek proeven om de see mear sân en slyk ôfsette te litten. Op de punten fan de eilannen soe dat kinne troch de see mear romte te jaan. Dat gebeurt op it stuit ek al op in oantal eilannen en der binne besteande plannen om dat troch te setten op ûnder oare de Boschplaat op Skylge.

Fiskerij

Der moat romte bliuwe foar fiskerij op it Waad, mar dat moat dan wol sa dat de effekten op de boaiem sa beheind mooglik bliuwe. Om de ynfloed fan de sektor op de natuer te beheinen, is der romte foar proeven mei fernijende fisktechniken. Ek it gebrûk fan alternative brânstoffen wurdt stimulearre. Dat jildt ek foar de rol fan fiskers as behearders en minsken mei in soad kennis oer it Waad.

De fiskerijdruk moat net fierder tanimme en dêrfoar soene op koarte termyn saneamde 'sliepende fiskrjochten' út de merk helle wurde moatte, rjochten dy't no net brûkt wurde. It tafersjoch op en de registraasje fan fangsten moat ek better, sawol foar de beropsfiskers as de rekreanten. Dêrby wurdt ek in saneamd black box-systeem neamd. Earder is soks mislearre.

Strekdaam by Koehoal - Foto: Remco de Vries

Earder is al ôfpraat dat de mokselsiedfiskerij fan de boaiem ôf hielendal ophâlde moat. Der is besocht dat te regeljen mei saneamde MZI's, ynstallaasjes mei touwen en netten dêr't lytse moksels harren oan hechtsje. Dat is noch net slagge en dêr wurdt noch oer praat. Dêrby wurdt ek sjoen nei in proef bûten it Waad op de Noardsee.

Hanthavening en it foarkommen dat seehûnen en fûgels fersteurd wurde, is al langer in probleem op it Waad. Der wurdt in ferkenning oankundige nei it ferbetterjen fan de hanthavening of dat de doelen berikt wurde kinne mei oare ôfspraken. Rykswettersteat hat earder oankundige dat sy nei it hurdfarren sjen soene, mar dat hat noch gjin konkreet resultaat opsmiten.

Alles wat der yn dizze Waadaginda stiet, is net daliks in konkreet plan. Dêrfoar wurdt ûnder oare it nije útfieringsprogramma 2021-2026 brûkt, dêr't no noch oan wurke wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)