SC Cambuur wint earste oefenwedstriid nei coronastop mei 11-0 fan ONS Snits

De kop is der ôf foar SC Cambuur. De Ljouwerter fuotballers ha harren earste oefenwedstriid nei de coronastop spile. Yn it eigen stadion wûn Cambuur tongersdeitejûn mei 11-0 fan ONS Snits. Foar it skoft stie it noch 5-0.
Wedstriidferslach SC Cambuur - ONS Snits
De iepeningstreffer wie fan Michael Breij. Man fan de wedstriid wie Ragnar Oratmangoen, dy't in hattrick skoarde: 6-0, 9-0 en 10-0. Jamie Jacobs skeat de bal twa kear yn it doel fan de Snitsers, yn de 63e en de 88e minút. ONS hie net safolle yn te bringen tsjin de Ljouwerter klup. It iennichste doelpunt fan de Snitsers wie in bal yn eigen doel yn de 9e minút.
De wedstriid tsjin ONS wie it earste duel fan de Ljouwerters sûnt lange tiid. Eksakt fjouwer moannen nei de lêste wedstriid, tsjin Jong AZ, kamen de fuotballers wer yn aksje. Fanwege de coronamaatregels mochten der mar 250 supporters by wêze yn it stadion.
Nije wike tongersdei komt Harkemase Boys op besite yn Ljouwert.
SC Cambuur - ONS Snits 11-0 (5-0): 1-0 Michael Breij ('3); 2-0 Eigen doelpunt ONS ('9); 3-0 Issa Kallon ('10); 4-0 Robert Mühren ('27); 5-0 Giovanni Korte ('33); 6-0 Ragnar Oratmangoen ('52); 7-0 Kellian van der Kaap ('54); 8-0 Jamie Jacobs ('63); 9-0 Ragnar Oratmangoen ('79); 10-0 Ragnar Oratmangoen ('82); 11-0 Jamie Jacobs ('88).
De folsleine wedstriid is hjir werom te sjen.
© www.orangepictures.nl