Dialyzesintrum Meckemastate Kollum slút de doarren

09 jul 2020 - 21:26

It dialyzesintrum yn wensoarchsintrum Meckemastate yn Kollum slút freed definityf de doarren. It sintrum waard oanstjoerd út sikehûs MCL wei en hat alve jier yn it wensoarchsintrum sitten.

Foto: MCL

De lêste jierren waard it troch noch mar in hantsjefol pasjinten brûkt. It koe net mear út om it iepen te hâlden.

Dialyzepasjinten kinne tenei terjochte yn sikehûs MCL yn Ljouwert of yn de lokaasje Súdhaghe op It Hearrenfean.

Dialyzeferpleechkundige Sybren van Klaarbergen oer de sluting

(Advertinsje)
(Advertinsje)