Agressive fytser (34) moat seis wiken de sel yn

In 34-jierrige Snitser dy't begjin febrewaris mei tefolle drank op in autobestjoerder mishannele en bedrige, hat seis wiken sel krigen. De man ried al slingerjend mei de fyts op de rydbaan.
Rjochter © Shutterstock.com
It slachtoffer makke in gebear nei de man. Dat foel ferkeard by de fertochte, dy't efter him oan gie. By it slachtoffer thús luts er de man út de auto en joech er him in klap en in kopstjit. Ek drige er it slachtoffer dea te sjitten en easke er jild.
De Snitser sei dat er by de Hells Angels en de 'maffia fan Snits' hearde. De man hat faker mei de plysje yn oanrekking west fanwege agresje en ride mei drank op.