Hospes oan de kant set by nije ploech Verweij en Leerdam, fierder by Gewest Fryslân

09 jul 2020 - 19:00

Jesper Hospes soe it kommende seizoen ride foar de nij op te rjochtsjen ploech fan Jutta Leerdam en Koen Verweij, mar de Fryske reedrider hat te hearren krigen dat der gjin plak foar him is. De 31-jierrige Hospes soe 'te âld' wêze, sa fûn ien fan de nije sponsoaren.

Foto: Orange Pictures

Inisjatyfnimmers foar de nije ploech binne Verweij en Leerdam, Kosta Poltavets is de coach. Verweij frege Hospes der yn april by en sadwaande hat de Feanster de ôfrûne moannen meitraind mei harren. Datselde jildt foar oare riders, as Teun de Wit, Aron Romeijn en Daniel Greig. Oardel wike lyn kaam de gearwurking ta in ein, doe't Verweij by Hospes oanjoech dat der gjin plak foar him is. Syn leeftiid wie it probleem, sa hie ien fan de sponsoaren sein.

'Vervelend'

Joris Hoogenbosch is de grutte man efter de nije ploech fan Verweij en Leerdam. Neffens him hat it hielendal net oan de oarder west dat Hospes yn dat team komme soe. "Ik heb Jesper nog nooit ontmoet en zijn naam er niet bij zien staan", fertelt Hoogenbosch yn in reaksje op it ferhaal fan Hospes.

Hoogenbosch hopet yn augustus it team te presintearjen. Dat Hospes it gefoel hie dat hy dêr ek by sitte soe, is 'vervelend', seit de direkteur fan it team. Hy tinkt dat Verweij Hospes it gefoel jûn hat dat er derby komme soe. "Dat is heel vervelend, maar staat los van de ploeg", seit Hoogenbosch mei klam.

De lêste jierren ried Hospes by it Gewest Fryslân ûnder de coach, en syn heit, Henk Hospes. Om't it noch mar de fraach wie oft der sponsoaren fûn wurde soene by de ploech fan Verweij en Leerdam, hat Hospes de doar nei it Gewest altyd iepen hâlden. Dêrtroch koe er no weromkomme by dy ploech.

Sporter fan de Wike

Jesper Hospes is dizze wike de 'Sporter fan de Wike' by Omrop Fryslân. It betsjut dat der freed in reportaazje te sjen is oer Hospes by Omrop Fryslân. Dêryn mear oer de nuvere wize wêrop't er oan de kant set is troch Verweij en Leerdam. Hospes fertelt oer de ôfrûne twa wiken, wêryn't er ek noch ris in blinetermûntstekking hân hat en operearre is.

(advertinsje)
(advertinsje)