Plan om sânwinput Skûlenboarch te bedekken mei driuwende sinnepanielen

09 jul 2020 - 17:39

Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel binne posityf oer in plan foar 22 bunder sinnepanielen op it wetter fan de sânwinput by Skûlenboarch, by Jistrum. Mei dizze positive hâlding fan it kolleezje kinne de plannen fierder ûntwikkele wurde. De gemeenteried moat der noch wol oer te set.

De lokaasje dêr't de sinneparken komme moatte - Foto: net bekend

By Skûlenboarch binne twa sânwinplassen yn 2013 mei inoar ferbûn. Dêrmei is ien grutte put realisearre fan 22 bunder grut. It idee om dat wetter fol te lizzen mei driuwende sinnepanielen komt fan Enerzjyk Skûlenboarch, in groep ûndernimmers út it Noarden.

It hiele plan is grutter as allinne de driuwende sinnepanielen. De rânen soene ynrjochte wurde moatte as natuer- en rekreaasjegebiet. Der komt in fiskplak, in outdoor parkoers en in kuierrûte. Der is al in swimstrantsje by de sânwinput en dat soe opknapt wurde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)