Man út Ede krijt fjouwer jier sel foar searje ynbraken yn Fryslân en Drinte

09 jul 2020 - 16:03

In 28-jierrige man út Ede hat fjouwer jier sel krigen omdat er yn in moanne tiid belutsen wie by 18 ynbraken yn Fryslân en Drinte. Ek moet er twa fan syn slachtoffers alve tûzen euro skeafergoeding betelje. De man wie út op jild of sieraden.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man bruts yn Nijhoarne, Aldeberkeap, Grou, Aldeholtpea en op it Oranjewâld yn. De slachtoffers wiene faak âlderen. By ien fan slachtoffers kaam de fertochte oant twa kear ta werom om mear guod te stellen. By ien ynbraak yn Grou makke de fertochte mear as 18-tûzen euro bút.

Trefwurden: 
rjochtbank ynbraken
(advertinsje)
(advertinsje)