Accell ferwachtet hegere winst

15 nov 2011 - 10:54

Fytsekonsern Accell Group op It Hearrenfean ferwachtet dit jier in hegere omset en in hegere nettowinst as ferline jier. Dat docht bliken út de nijste fearnsjiersifers fan it bedriuw.

De ferkeap fan nije fytsen is de lêste moannen achter bleaun by de ferwachting. Dat komt foaral troch it minne waar fan ôfrûne simmer. Dochs ferwachtet it fytsfabryk dit jier posityf ôf te sluten. Dat komt benammen om't de fraach nei elektryske en sportfytsen grut bliuwt.

Trefwurden: 
Accell Group
(advertinsje)