Brân yn garaazje Boarnburgum mei oldtimers

09 jul 2020 - 14:28

Yn in skuorre mei oldtimers yn Boarnburgum hat tongersdeitemiddei brân west. Twa fan de trije oldtimers koene beholden bliuwe. De tredde auto rûn behoarlike skea op. De brânwacht fan Beetstersweach hat de brân útmakke.

De brân yn de skuorre mei oldtimers - Foto: de Vries media

De brân ûntstie tongersdeitemiddei om kertier foar ienen hinne. De brânwacht fan Beetstersweach wie gau teplak en koe it fjoer ûnder kontrôle krije. In Renault Montlhery út 1986 en in Citroën 2CV ('lelijke eend'), ek út 1986, koene troch it rappe yngripen fan de brânwacht út de garaazje helle wurde. De tredde auto - ek in 2CV - stie op de brêge. Dy hat wol skea oprûn. Der kaam in soad reek frij by de brân.

(advertinsje)
(advertinsje)