Fertutearze pleats Donglust yn Oranjewâld wurdt plak om te wenjen

09 jul 2020 - 13:23

De slim fertutearze pleats Donglust yn Oranjewâld krijt in wenbestimming. De eardere pleats, in gemeentlik monumint, stiet al jierren leech.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

In nije buorkerij yn it gebou fêstigje koe fanwege de regeljouwing net en ek plannen foar in wensoarchfunksje as it saneamde 'landgoedwonen' hellen it net.

Yn de tuskentiid waard it gebou in hingplak foar jongerein. Dy rjochte fernielingen oan en starten brantsjes, nettsjinsteande de stekken om de pleats. Pleatslik Belang Oranjewâld trune om dy reden oan op in oplossing om it gebou in nije funksje te jaan.

Werom yn âlde steat

It gebou, dat dêrfoar yn eigendom wie fan de aadlike famylje De Beaufort, is koartlyn ferkocht. De nije eigeners ha oanjûn dat se der wenje wolle en it gebou hielendal yn de âlde steat werombringe wolle. De gemeente is bliid dat it byldbepalende gebou in nije funksje krijt en wurket mei om de bestimming agrarysk te wizigjen yn wenjen.

(advertinsje)
(advertinsje)