"Friese huisartsen moeten buiten de box denken om zorg te borgen"

09 jul 2020 - 12:52

Húsdokters moatte yn de takomst mear ymprovisearje om de soarch yn bûtengebieten op nivo te hâlden. Dat seit húsdokter Dave van den Bremer fan Damwâld. Ut sifers fan it CBS docht bliken dat Fryske húsdokters relatyf âld binne en it tekoart wolris fierder oprinne kin.

"Mijn persoonlijke ervaring is dat het buitengewoon lastig is om met name in de buitengebieden huisartsen aan te trekken", fertelt Van den Bremer. "Twee jaar geleden hadden we nog ondersteuning, zij heeft een eigen praktijk overgenomen." Sy slaggen der net yn om in ferfanger te krijen. "Dat betekent dat we met twee huisartsen 3 fte moesten draaien."

Neffens Van den Bremer moatte Fryske húsdokters yn de takomst mear ymprovisearje. "We moeten als huisartsen 'buiten de box' gaan denken om de zorg en kwaliteit van zorg te borgen. We hebben denk ik een inventieve beroepsgroep. Ik heb zorgen over het probleem, maar ik ben optimistisch voor de toekomst."

Foto: Omrop Fryslân

Van den Bremer wurke oan in plan om Amsterdamske húsdokters en studinten nei Fryslân te heljen foar in rûnlieding, mar ek dêr wie net folle animo foar. "We hadden op vijftig mensen gehoopt, maar het waren er vijf."

Om it tekoart werom te bringen besiket de provinsje Fryslân mei subsydzjes om húsdokters oer te heljen nei de provinsje te kommen. Ek is de kampanje '11huisartsen' betocht om húsdokters te ferlieden om foar Fryslân te kiezen.

Húsdokter Dave van den Bremer oer it tekoart

(advertinsje)
(advertinsje)