Nij Sybrandy's Speelpark letter dizze moanne foar it earst iepen

Sybrandy's Speel- en Natuurpark yn Aldemardum iepenet, sa't it no liket, op 20 july de doarren. It park is yn de folksmûle bekend as it fûgeltsjepark yn Riis en wie in begryp yn de regio. Ferline jier augustus gong it park ticht.
© Omrop Fryslân
It wie de eigeners net slagge om it te ferkeapjen. Rekreaasjeûndernimmer Sjerp Jaarsma hat doe op in feiling de attraksjes opkocht en dy binne op in stik grûn by de Hege Gerzen yn Aldemardum delset.
Jaarsma leit der no noch in túnwâl oan. Túnwâlen kamen eartiids allinne foar op Wieringen, Vollenhove, op Teksel en yn Gaasterlân. Se binne ûngefear in meter heech en wurde opboud mei seadden. De túnwâl wurdt ûnderdiel fan de natueredukaasje yn Sybrandy's Speel- en Natuurpark.